MCL moat flink besunigje

MCL moat dit jier tsien miljoen euro besunigje omdat minder ryksjild beskikber is. It sikehûs is ûnderdiel fan 'Zorggroep Noorderbreedte'. Wêr't op besunige wurde moat is noch net wis, de begrutting foar dit jier is noch net rûn. Der wurdt wol sjoen nei it útfieren fan djoere behannelings dy't mear kostje as opsmite.
De âldereinsoarch by Noorderbreedte stiet ek ûnder druk. Der moat fjouwer prosint minder soarch levere wurde.