Aldjiersfertochten komme foar

05 jan 2010 - 15:51

Fjirtjin fertochten tusken de 18 en 37 jier moatte kommende freed foar de rjochtbank yn Ljouwert ferskine. Se wurde fertocht fan mislediging, bedriging, iepenlike geweldpleging, opruiïng en it stellen fan guod yn de ôfrûne âldjiersnacht. Alle fertochten binne yn de nacht oanhâlden en op nijjiersdei wer frijlitten.

Mei-elkoar binne 30 minsken oanhâlden yn Fryslân mei âld en nij. In 21-jierrige Drachtster wurdt fertocht fan it mishanneljen fan twa plysjes.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)