Q-koarts komt tichterby

De Q-koarts komt hieltyd tichter by de Fryske grins. Yn Nederlân binne no 61 bedriuwen besmet en de baktearje is al oantroffen op trije bedriuwen yn Drinte en ien yn Grinslân.
Moandei waard bekend dat yn it Drintse doarp Een-West flakby de Fryske grins mooglik ek in bedriuw besmet is mei de Q-koarts baktearje. Testen moatte dat noch útwize. It soe in gruttere kâns op in besmetting yn Fryslân betsjutte, omdat de Q-koarts baktearje him fia de omjouwing ferspriede kin.