Ljouwerter man fermist

05 jan 2010 - 15:06

De plysje yn Ljouwert is op syk nei in 43-jierrige Ljouwerter dy't sûnt moandeitemoarn sân oere fermist wurdt. De man wennet oan de Gealannen en is nei moandeitemoarn betiid net mear sjoen.

De Ljouwerter is sa'n 1 meter 87 lang en hat in blauwe spikerbroek oan. Hy hat in bril op mei de kleuren blau en read deryn en hat yn it rjochter ear in earbel.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)