Hearrenfean hat te min sâlt

05 jan 2010 - 15:04

De gemeente Hearrenfean past it struibelied oan fanwege in tekoart oan struisâlt. Hearrenfean hellet it sâlt by it bedriuw Eurosalt en dat hat gjin sâlt mear yn foarried. It sâltdepot fan dat Drachtster bedriuw is al twa wike leech. Om't de trochgeande diken prioriteit hawwe, hat Hearrenfean no besletten om net mear te struien yn de wenwiken en de binnendiken.

Hearrenfean hat yn totaal 800 km dy't struid wurde moatte soene en dat wurdt no werombrocht nei 300 kilometer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)