Ter Heide mooglik nei FC Emmen

05 jan 2010 - 11:10

FC Emmen wol SC_Cambuur-spits Ruud ter Heide foar de rest fan it seizoen hiere. Cambuur stiet iepen foar in mooglike ferhier, mar dan moat Emmen it folsleine salaris fan Ter Heide betelje. Ek Dave Huymans hat by de klup dellein dat er graach ferhierd wurde wol. Ter Heide en Huymans komme beide net in soad oan spyljen ta.

As Ruud_ter_Heide fuortgiet, dan hat Cambuur al in opfolger op it each. De Ljouwerters prate al mei in oanfaller om de seleksje te fersterkjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)