IIsbrekkers helpe beropsfeart

05 jan 2010 - 11:02

Provinsje en Rykswettersteat binne begûn iisbrekkers yn te setten om de beropsfeart te helpen troch it iis te kommen. Neffens skippersferiening Schuttevaer is it yn Fryslân op de grutte farwegen noch goed te dwaan. De provinsje hat lykwols moandei al in iisbrekker ynset op it Prinses Margrietkanaal tusken Snits en De Lemmer.

Rykswettersteat is ek dwaande. Sy binne moandei úteinset mei iisbrekkers op de rûte De Lemmer-Amsterdam.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)