Bilt komt mei ynnovaasjepriis

It Bilt komt mei in ynnovaasjepriis
De gemeente It Bilt begjint mei in eigen ynnovaasjepriis. Dat makke boargemaster Auke van der Werff moandei bekend op de nijjiersresepsje fan de gemeente. Fiif jier lang is der elk jier fiiftûzen euro beskikber om in fernijd idee fierder te krijen.
De betingsten wêroan sa'n idee foldwaan moat, binne noch net op papier setten, mar wis is wol dat it idee der oan bydrage moat om grutte miljeuproblemen lytser te meitsjen.