'Net besparje op duorsumens'
It kabinet moat net besunigje op projekten en plannen foar duorsume enerzjy. Dat sei boargemaster Crone fan Ljouwert moandeitejûn op de nijjiersresepsje fan syn gemeente.
It Ryk wol miljoenen besparje en ûndersiket de kommende tiid wêr't dat mooglik is. Crone is benaud dat troch mooglike besunigings op duorsumheid in soad kennis ferdwynt wylst der bot ferlet is fan enerzjybesparjende útfinings.