Brân wente Alvestêdefoarsitter

Moandeitejûn hat der brân west yn de wente fan Alvestêdefoarsitter Wiebe Wieling oan de Ryksstrjitwei yn Hurdegaryp. De brân begûn yn de skoarstien fan de houtkachel, mar sloech oer nei in sliepkeamer.
De brânwacht fan Tytsjerksteradiel moast foar it blussen in heechwurker ynsette. Troch de snie wie it net ferantwurde om it dak op te gean. De frou en soan fan Wieling moasten foar kontrôle nei it sikehûs. Se koene wer nei hûs nei behanneling mei soerstof.