Rekôr oantal besikers HCL

It Histoarysk Sintrum Ljouwert, it HCL, hat ôfrûne jier in rekôr oantal besikers lutsen. Yn totaal brochten in lytse 18000 minsken in besite oan it sintrum. Dat wiene der rom 1200 mear as yn 2008. It meast populêr wiene de aktiviteiten fan it HCL. Bygelyks de lêzingen op de sneintemiddei.
Nochris 1000 minsken kamen foarich jier foar in rûnlieding en mear as 1500 learlingen brochten in besite oan it Histoarysk Sintrum Ljouwert yn it ramt fan in ûnderwiisprojekt.