Ungelokken op glêde Trekwei
Moandei oan 'e ein fan de middei hawwe op de Trekwei tusken Kollum en Dokkum trije ûngelokken plakfûn troch de glêdens. Hjirby is ien persoan ferwûne rekke oan de nekke en de rêch. It slachtoffer is oerbrocht nei it sikehûs.
De dyk hat ferfolgens in skoftsje ôfsletten west. Nei goed struien wie de dyk wer begeanber.