Liudger pakt skoalskûljen oan

(argyffoto)
De oanpak fan fuortbliuwen fan skoalle op skoallemienskip Liudger yn Drachten is ta provinsjaal foarbyld wurden. De metoade komt te stean yn in brosjuere mei foarbylden dy't goed wurkje.
It Liudger hat in sintraal meldsysteem foar absinsje. Alden kinne op ynternet mei in ynlochkoade it eventuele fuortbliuwen fan skoalle fan harren bern neisjen. It giet dan om in site mei in learlingeportaal dêr't ek de learplichtamtner oan keppele is.