Sander Fischer nei FC Emmen

Sander Fischer
Ferdigener Sander_Fischer ferlit Sportklup Cambuur en ferhuzet nei FC Emmen. Fischer spile op amateurbasis yn Ljouwert en wie dus frij om oer te stappen nei in oare klup. Cambuur woe de 21-jierrige ferdigener ek in kontrakt oanbiede, mar dêr woe Fischer net op wachtsje.
Fischer spile yn totaal 16 wedstriden foar de Ljouwerters, wêrfan 4 dit jier. Cambuur wol in oare ferdigener út de earste divyzje oanlûke om it fuortgean fan Fischer op te fangen.