Winst foar De Friesland

De Friesland-soarchfersekerder hat it ôfrûne jier 12 miljoen euro winst makke. It tal fersekerden is gelyk bleaun mei goed 500.000. Der falt ôf, want der wie groei ferwachte. De Friesland hie grut kampanje fierd, mar it liket derop dat in soad minksen kieze foar de goedkeapste fersekerings.
Takom jier moat der besunige wurde om koartings fan it Ryk op te fangen. Sa sil bygelyks sjoen wurde nei sikehúskosten.