Gefaarlikste krúspunt oanpakke

De gemeente Skarsterlân wol gau prate mei Rykswettersteat oer it gefaarlikste krúspunt fan Fryslân. Dat leit by Aldehaske, sa docht bliken út in top 100 fan tillevyzjestjoerder RTL. Dêrby is sjoen nei it tal ûngelokken dat yn 'e lêste trije jier op in krúspunt west hat.
By Aldehaske giet it om de oansluting fan de A7 op yndustryterrein De Wierde. Op it krúspunt hawwe acht ûngelokken west, dêr't mei-inoar alve minsken by belutsen wiene.