Lionsclub stipet bosk Ypey

De bosk fan Ypey
De stichting achter de bosk fan Ypey hat 50.000 euro krige fan de Lionsclub Ljouwert. It jild is bedoeld foar de útwreiding fan it park. Dêrby wurdt ûnder oare de filla yn it park opknapt, komt der in nij besikerssintrum mei poadium en wurde de greiden om 'e bosk hinne opnij ynrjochte.
De útwreiding fan 'e bosk fan Ypey kostet goed 6 miljoen euro. It jild fan de Lionsclub is byelkoar brocht mei aktiviteiten mei de Peaskedagen.