Ballonfarre boppe de snie

Gewoanwei gean se ier en betiid op paad op moaie simmerske dagen. Mar it heldere winterwaar fan snein wie ek ideaal om te farren, mei in loftballon wol te ferstean. Twa ballonnen fan it 'Noordelijk Ballonvaartcentrum' fearen boppe it winterske lânskip.
It ballonfarren yn de winter is sels feiliger as yn de simmer, om't it waar stabiler is. Ek it gas giet langer mei, dus kinne de ballonnen langer yn de loft bliuwe.