Partij fan De Haan hâldt op
De partij Gemeentebelangen Gaasterlân-Sleat hâldt op te bestean. It is net slagge in opfolger te finen foar Froukje de Haan, dy't sûnt 2006 as ienmansfraksje yn de gemeenteried siet.
De Haan hie de partij sels opsetten neidat se yn 2004 út de VVD stapt wie. Nei de ferkiezings fan takom maart lûkt De Haan definityf de stekker út har partij.