Gerrit Kramer wint Winterrin

Gerrit Kramer (argyffoto)
De tredde Winterrin yn Snits gong snein gewoan troch. De gemeente hie moarns it parkoers al sniefrij makke. Gerrit Kramer fan Boalsert wûn de 8250 meter mei fiif tellen foarsprong op Willem de Boer fan Eksmoarre.
Marco van Meerveld fan Snits waard tredde, trije minuten en 13 sekonden nei de winner. Ylona Kruis fan Ysbrechtum wie de rapste frou mei in ferskil fan in heale minút mei Yvonne Tinga fan Boalsert. Liesbeth Steenbergen fan Snits waard tred.