Museum It Damshûs wreidet út

03 jan 2010 - 14:01

Museum It Damshûs yn Nij Beets wreidet fierder út. Der komt in grutter parkearterrein en der wurdt in pleats nijboud dy't earder mei help fan P.W. Janssen boud waard foar de arbeiders. De buorkerij krijt in plak yn de polder op it terrein.

It jier stiet fierder yn it ramt fan it 50-jierrich bestean fan it museum. Der wurde tal fan aktiviteiten organisearre en der komt in útstalling yn it doarp. Mei buorden wurdt oanjûn hoe't it der yn it ferline útseach.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)