Besite minister Van der Laan

Minister Van der Laan by in eardere besite
Minister Van der Laan fan Wonen, Wijken en Integratie is woansdei op besite yn de gemeenten Achtkarspelen en Dongeradiel. Dêr krijt er ûnder oare te hearren hoe't dizze regio omgiet mei de feroarings op it plattelân.
De minister sjocht yn de middei by wenningen fan de stifting Woningbouw Achtkarspelen. Dy binne al ynrjochte neffens de nije fisy op wenjen. Sa binne de wenningen duorsum en rjochte op fersoarging.