Portier moat rjochtseal út

Justysje © Omrop Fryslân
De portier fan kafee Prins H. en in plysjeman moasten freed de rjochtseal ferlitte by it behanneljen fan it koart pleit fan kafeebaas Rusticus tsjin de gemeente Ljouwert. Neffens Rusticus hat de portier fan syn saak in ferfelende klant oerdroegen oan de plysje en hat dy de saak net goed oanpakt.
De rjochter bûgt him oer it beslút fan de gemeente dat it kafee freedtejûn acht oere foar in moanne ticht moat. Oanlieding is in grutte fjochtpartij ôfrûne wykein, dy't ûntstie neidat in lestige klant fan it kafee bûten de doar set wie.
De portier en de plysjeman waarden oan it begjin fan de sitting de seal útstjoerd, omdat se letter mooglik noch heard wurde moatte as tsjûge yn de saak. Se mochten net yn de seal bliuwe, omdat se dan mooglik beynfloede wurde troch de ferhalen fan de advokaten fan beide partijen. Wylst de kafeebaas fynt dat de plysje de saak net goed oanpakt, fynt de gemeente dat it kafee de saken net goed foarinoar hie omdat op it momint fan de fjochtpartij gjin liedingjaande yn de saak oanwêzich wie.