Measte snie yn suden

Yn De Blesse lei sneintemoarn 17 sintimeter snie. Dat hat waarman Piet Paulusma melden. Yn it plak sakke de temperatuer nachts nei sa'n alve graden ûnder nul. Ek yn Grou waard dy temperatuer helle, wylst it op It Amelân mar sa'n oardel graad frear.
Piet Paulusma ferwachtet ek de kommende tiid froast. Wol komt de temperatuer moandei en tiisdei oerdei boppe it friespunt. Dêrnei friest it ek oerdei wer, wylst nachts de min sân of min acht helle wurdt.