Ungelokken troch glêde diken

03 jan 2010 - 09:40

Tweintich automobilisten binne sneon yn 'e problemen rekke troch glêde diken. Dat seit de plysje. De meldingen waarden sawol middeis, jûns en nachts dien. Yn de measte gefallen ûntstie der blikskea.

By twa ûngelokken waarden minsken nei it sikehûs brocht. Yn Ljouwert rekke in frou fan 'e dyk en ried tsjin in beam. By Sibrandahûs bedarre in auto yn 'e sleat. Foarbygongers hâlden de auto boppe wetter oant de brânwacht de twa ynsittenden der úthelje koe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)