Ryksdiken sniefrij makke

03 jan 2010 - 09:23

De Fryske ryksdiken binne sneintemiddei hielendal sniefrij makke. It is op guon plakken wol mistich. Op provinsjale diken en lokale diken moat noch rekken hâlden wurde mei glêdens. Treinen en bussen yn Fryslân ride. Benammen by de bussen koe yn de moarn fertraging foarkomme.

Sneontejûn helle ferfiersbedriuw Connexxion syn bussen nei 08.30 oere fan de dyk, omdat der doe op in soad plakken net mear riden wurde koe. Q-buzz ried allinne oer de grutte diken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)