Arjan Stroetinga: dat is seis

02 jan 2010 - 21:35

Arjan Stroetinga hat foar de sechsde kear dit seizoen taslein. Yn de 17e wedstriid om de Maraton Cup hie de ynwenner fan Waskemar syn sinnen set om op thúsbaan Thialf de winst te pakken. Dat slagge mei in sterke einsprint en goed wurk fan syn ploech.

In spektakel waard it dizze kear net. Ferskillende groepkes krigen goed hûndert meter, mar it peloton woe gjin belies jaan. Yn de einsprint waard Christijn Groeneveld twadde en Sjoerd Huisman tredde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)