Soad redens ferkocht

02 jan 2010 - 16:48

Nettsjinsteande de snie fleane de redens op it stuit as waarme broadsjes oer de toanbank. De foarrie redens yn de opslach fan Zandstra op De Jouwer wurdt hurd minder. De keapers komme meastentiids út it hiele lân wei, en nimme dan mei wat se sjouwe kinne.

Goed trije wike lyn begûn de redensferkeap goed op gong te kommen. Wiene it ferline jier noch de iishockeyredens, dit jier binne it benammen de Noaren dy't it goed dogge. Houtsjes wurde eins net mear ferkocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)