Harnzer fertochte langer fêst

De 32-jierrige man út Harns dy't yn novimber in plysjefrou it sikehûs ynslein hat, moat noch 60 dagen langer yn foararrest bliuwe. Dat hat de rjochtbank fan Ljouwert woansdei bepaald.
De man wurdt nei alle gedachten poging ta deaslach te leste lein. De man waard yn novimber by syn oanhâlding sa agressyf dat de plysje pepperspray brûke moast, mar dat holp net. De frou kaam har kollega's te help en waard doe hurd yn it gesicht slein.