Bernebibelmuseum giet ticht

It iennige bernebibelmuseum fan Nederlân slút nei sneon foar de allerlêste kear de doarren. It museum oan de Lytse Hornstwei yn Eastermar moat ticht om't it gebou dêr't it yn sit troch de eigner foar wat oars brûkt wurde moat.
En dus moat inisjatyfnimster Joke Westerhof op syk nei in oar plak. En dat plak is noch altyd net fûn. Dus giet it museum, dat oant no ta 2000 besikers hân hat, ticht. Dit ta fertriet fan frou Westerhof.