Tekoart opknappen bunker

De bunker Koehoal
It opknappen fan de bunker Koehoal by Tsjummearrum duorret langer as ferwachte. De gemeente It Bilt, guon banken en fûnsen ha alle oanfragen fan de stifting behâld bunker Koehoal yn de jiskebak smiten.
Hjirtroch is der in tekoart fan 40.000 euro. Doel is om de âlde Dútske bunker om te bouwen ta eksposysjeromte mei ynformaasje oer de Twadde Wrâldoarloch. De stifting skriuwt no ek partikulieren oan om it tekoart oan te foljen.