Sky-Taxi fan De Lemmer fallyt

It bedriuw Sky-Taxi fan it eardere Twadde Keamerlid Roland Kortenhorst fan De Jouwer is fallyt. Alle njoggen meiwurkers stean dêrtroch op strjitte. Yn septimber 2008 begong Kortenhorst mei syn eigen luchtfeartbedriuw, bedoeld foar de saaklike reizger.
Koart foar de Krystdagen hat de rjochtbank fan Haarlem it fallisemint útsprutsen. Sky-Taxi siet al langer yn finansjeel swier waar. Neffens Kortenhorst is de resesje fan 2009 de oarsaak fan it fallisemint.