Dikke priis falt yn Burgum

En de winner is............. Burgum
Yn Burgum wenje sûnt nijjiersdei in flink oantal gelokkige minsken, want dêr is nammentlik in dikke priis út de postkoadelotterij fallen. It giet om in bedrach fan 250.000 euro en de winnende postkoade is 9251 LT. De minsken mei dizze postkoade moatte mei-elkoar it bedrach ferdiele.
Yn de grutte ferlotting op nijjiersdei wie mei-elkoar mear as 34,5 miljoen euro te winnen. De grutste priis gie nei Eindhoven.