Snelrjocht foar 12 fertochten

Tolve fertochten fan fernielings en geweld mei âld en nij moatte nije wike freed foar de rjochter ferskine. Dat kin om't it Iepenbier Ministearje it saneamde snelrjocht tapast. Fertochten krije dan fuortendaliks nei har oanhâlding in daging. Se witte dan wannear en hoe let se foarkomme moatte.
It giet yn dit gefal om saken dy't gau rûn te krijen binne. Der kin ienfâldich bewiis fûn wurde en in fertochte jout syn oandiel gau ta.