Stekkerij op De Lemmer

01 jan 2010 - 15:17

De plysje fan De Lemmer hat yn de âldjiersnacht in ynwenner fan Rutten oppakt. De 37-jierrige man soe in Lemster fan 50 mei in mes stutsen hawwe.

De Lemster wie ien fan de minsken dy't de ynwenner fan Rutten der op oanspruts doe't er swier fjoerwurk op in brânsteapel goaide. It slachtoffer koe op it plak sels troch ambulânsepersoniel holpen wurde. De ynwenner fan Rutten is fêstsetten op it buro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)