Mishanneling op It Amelân

01 jan 2010 - 15:14

De plysje op It Amelân hat nijjiersmoarn betiid in 24-jierrige bewenner fan it eilân oppakt. De man wurdt fertocht fan swiere mishanneling.

Hy soe yn syn wenplak Ballum in 23-jierrige Hurdegarypster slein hawwe. Dy foel dêrtroch tsjin de grûn. De Amelanner is meinaam nei it buro. Neidat er dêr heard wie waard er wer frijlitten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)