Krystbeamsmiten op It Amelân

Julian Weber wie de kampioen krystbeamsmiten (foto: persbureau Ameland)
Op It Amelân is âldjiersdei foar de fjirde kear it Amelanner kampioenskip krystbeamgoaien hâlden. It waard wûn troch Julian Weber, dy't mei fakânsje op it eilân is. Ek ferline jier wûn hy de wedstryd. Doe goaide Weber de beam acht meter en 78 sentimeter fier. Dit jier die er dêr noch hast trije meter by. Oan it evenemint diene 200 minsken mei.
Nijjiersdei om alve oere wurdt op It Amelân in nijjiersdûk hâlden.