Brân by Bornego op It Fean

31 des 2009 - 15:59

Troch in brân tongersdei by it Bornegokolleezje oan de Beugel op It Hearrenfean is grutte skea ûntstien. De brân bruts eefkes nei trije oere út yn in opslachskuorke foar seachsel oan de achterkant fan de skoalle. It fjoer is dêrnei oerslein nei it skoalgebou.

Nei in oere waard it sein Brandmeester jûn, mar de brânwacht moast noch neiblusse. De plysje tinkt oan brânstifting. Tsjûgen seagen koart foar de brân twa jonges hurd fuortrinnen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)