Brief keningin foar Amelânske

31 des 2009 - 14:03

Eva Faber fan It Amelân hat in brief krigen fan de keninginne. Eva hie de keninginne frege om Sinteklaas in lintsje te jaan. Boargemaster De Hoop hie har by de yntocht fan Sinteklaas al sein dat hy har net helpe koe om't de Sint gjin Amelanner is. Mar ek de keninginne moast har teloarstelle.

In boargemaster moat it lintsje oanfreegje en om't Sinteklaas net yn Nederlân wennet kin dat net. Eva hat no in brief skreaun nei Spanje. Se wachtet noch op in antwurd.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)