Himpkwekerij yn Marsum

De plysje hat woansdei yn de Uniastrjitte yn Marsum by tafal in himpkwekerij oprôle. Der wie in melding ynkaam fan reekûntwikkeling op 'e souder fan in wenning. Doe't de plysje en de brânwacht op ûndersyk út giene, fûnen se yn in sliepkeamer 160 himpplanten. Fierder die bliken dat der yllegaal stroom ôftape waard.
De planten binne yn beslach naam en ferneatige. In 48-jierrige Ljouwerter is oanholden. De reek kaam út it hûs derneist.