Wynmûne as âldjiersstunt

31 des 2009 - 09:37

By it gemeentehûs fan Kollumerlân yn Kollum stiet in wynmûne. Dy is dêr opboud troch de âldjiersferiening fan Muntsjesyl. De feriening is it net iens mei plannen foar in wynmûnepark noardlik fan Muntsjesyl en Sâltkamp.

B&W wolle dat dêr mûnen boud wurde fan 120 meter heech. De âldjiersferiening wol mei syn stunt oanjaan dat it wynmûnepark ek op in oar plak komme kin. Ferline jier hat de feriening it Fanny Blankers Koen stadion omdoopt ta Foekje Dillema Stadion.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)