Grutte fjoerwurkfangst

30 des 2009 - 23:35

De plysje hat woansdeitejûn sawat 2000 kilo fjoerwurk yn beslach naam. Dat gebeurde op twa adressen yn Ljouwert en yn Boazum. Dêr waard yn in loads seker 850 kilo yn beslach naam, dat net yllegaal wie, mar net goed opslein wie.

Yn de Ljouwerter wyk Nijlân waard in buske fol yllegaal fjoerwurk yn beslach naam. Ek kaam de plysje in partij nepmerkklean tsjin. Der binne trije man oanhâlden: in Snitser (39), in Ljouwerter (47) en in Stienzer (50).

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)