A7 ticht nei slim ûngelok

30 des 2009 - 19:26

De A7 by Drachten hat woansdeitejûn lange tiid sletten west nei in slim ûngelok. Fjouwer auto's wiene belutsen by dy oanriding. Dêrby rekken trije minsken ferwûne. Ien persoan rekke earnstich ferwûne en is nei it UMCG oerbrocht. It ûngelok gebeurde ter hichte fan de ôfslach nei de Wâldwei.

De tadracht fan it ûngelok is noch ûnbekind. Meiwurkers fan it Mobiel Medisch Team, dat oerdeis mei de traumahelikopter fljocht, hat assistinsje ferliend.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)