Kamera op Fryske ambulânses

30 des 2009 - 18:41

Trije Fryske ambulânses hawwe sûnt koart in kamera wêrmei't de hiele omjouwing besjoen wurde kin. Ambulânsesoarch Fryslân, dat bestiet út UMCG en it Antoniussikehûs, docht mei oan in proef fan it ministearje fan Binnenlânske Saken om de agresje tsjin helpferlieners oan te pakken.

De bylden wurde 24 oeren bewarre. Ek yn Drinte binne kamera's op ambulânses pleatst, dêr kin de meldkeamer meisjen op de bylden fan de kamera.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)