Margot Boer wint 1000 meter

30 des 2009 - 15:35

Margot Boer hat de 1000 meter wûn op it Olympysk Kwalifikaasjetoernoai yn iisstadion Thialf. De 24-jierrige reedrydster, dy't tsjintwurdich yn Grou wennet, is dêrmei ek wis fan de Olympyske Spelen yn Vancouver op de kilometer. Dat jildt ek foar de nûmers twa en trije, Laurine van Riessen en Annette Gerritsen.

Natasja Bruintjes en Ireen Wüst krije ein jannewaris noch in kâns. Ingeborg Kroon, Marrit Leenstra en Thijsje Oenema waarden 8e, 9e en 11e.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)