Amtners Dant'diel op burgernet

30 des 2009 - 13:16

Alle meiwurkers fan de bûtentsjinst fan de gemeente Dantumadiel binne troch de gemeente oansletten op burgernet. Mei dit alarmearringssysteem krije se op harren mobile tillefoan meldingen fan de plysje binnen. Bygelyks as de plysje op syk is nei fermiste persoanen of sochte kriminelen.

Neffens de gemeente kinne de meiwurkers fan de bûtentsjinst dêr goed by helpe om't se in soad op 'en paad binne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)