Oanhâldings foar fernielen bus

De bushalte fan Arum
Acht jongeren fan tusken de 13 en de 16 jier âld binne de ôfrûne dagen oanhâlden foar it fernielen fan in bus fan Connexxion yn Arum. De groep hie de bus op 22 desimber bekûgele mei iisballen. In rút fan de bus waard derby folslein fernield en in frou dy't yn de bus siet rekke ferwûne. De plysje siket no noch om dizze frou.
De jonges wurdt fernieling ten leste lein. Se moatte nei buro Halt. Boppedat sille se de skea betelje moatte.