Dit jier 24 ferkearsdeaden

Slim auto-ûngelok by Nijlân yn maart dit jier
Der binne dit jier yn Fryslân oant no ta 24 minsken om it libben kaam yn it ferkear. Dat docht bliken út sifers fan it ROF, it Regionaal Orgaan ferkearsfeiligens Fryslân. It tal ferkearsdeaden is lytser as yn 2008. Doe kamen 31 minsken yn it Fryske ferkear om it libben. Yn 2007 wiene it der 30.
Minsken dy't earder belutsen wiene by in ûngelok en binnen 30 dagen ferstjerre moatte noch yn de sifers meinommen wurde.