Straffen foar streakers Thialf

30 des 2009 - 11:28

In groep saneamde streakers dy't tiisdei it iis op gie by it Olympysk Kwalifikaasjetoernoai yn Thialf krijt strange straffen fan 'e KNSB. De tolve giene yn ûnderbroek it iis op nei ôfrin fan it evenemint en woene in earerûntsje meitsje.

Se waarden lykwols pakt en krije no in stadionferbod fan fiif jier. Ek moatte se elts 2000 euro boete betelje. Nei oanlieding fan it ynsidint sil de KNSB op 'e nij nei de befeiling fan 'e eveneminten sjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)