ChristenUnie: duorsum fiskje

De ChristenUnie wol dat de provinsje Fryslân jild útlûkt foar duorsume fiskerij. Neffens de partij leit der Europeesk jild klear foar de fiskers, mar dat komt allinnich frij as ek de provinsje subsydzje jout. De provinsje soe ek net genôch dwaan om de fiskers te wizen op dizze subsydzje.
Sa is neffens de partij it formulier dêr't de Europeeske stipe mei oanfrege wurde kin net beskikber op it provinsjehûs. Nuver, omdat de provinsje wol foar duorsumens is.